Wikseltrofee Riis fêst yn kast

19 jul 2013 - 19:34

De wikseltrofee foar de Myl fan Riis kin foarearst net mear útrikt wurde. De trofee stiet yn in kast yn it âlde gemeentehûs yn Balk en de kaai dêrfoar is poater. Alles út it âlde gemeentehûs is al ferhuze nei De Jouwer yn ferbân mei de fúzje tusken Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat.

Allinnich guod dat nedich is om boargers oan rydbewizen en oare saken te helpen, is achterbleaun ynklusyf de trofee. De gemeente hat noch twa wiken om de kaai werom te finen. De Myl fan Riis is op 3 augustus.

Trefwurden: 
trofee Mijl fan Riis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)