Begroeiïng goed foar flinters

Flinterbermen ha takomst yn Fryslân as minsken út de omjouwing sels it inisjatyf nimme om bermen op in fariearre wize te meanen en as gemeenten ditsoarte fan inisjativen stypje. Yn dizze krappe tiden sille gemeenten meastentiids opdracht jaan oan in bedriuw om in berm yn ien kear te meanen, mar dat hoecht net. Dat sei foarsitter Freek Nijland fan de Wielenwerkgroep by in flinterberm tusken Ljouwert en Gytsjerk.
Dy berm stiet der al 20 jier en der waard der in rapport presintearre oer wat dy tweintich jier flinterberm eins opsmiten hat.
Dêr docht út bliken dat it sawat op it lanlike trochsneed sit as je sjogge nei it tal flinters. En dat is net ferkeard, want yn dat trochsneed wurde ek natoergebieten meinaam.