Leppelbekken It Amelân ringe

19 jul 2013 - 15:08

In groep ûndersikers hat freedtemoarn 24 leppelbekken ringe op It Amelân. It is de twadde kear dat dit op it eilân bart. Op de oare eilannen wurde de fûgels al langer ringe. Natuerbehearder It Fryske Gea joech earder gjin tastimming foar it ringjen op It Amelân om't se benaud wiene dat de bisten bot fersteurd wurde soene. Mar dat liket ta te fallen. Troch it ringjen kinne de ûndersikers byhâlde hoe't it mei de leppelbekken giet. De resultaten moatte in byld jaan oer de kwaliteit fan it waadgebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)