Blog: Goed nijs: we ha de Alpe d'Huez oerlibbe!

19 jul 2013 - 12:00
  • Alpe d'Huez
  • Tour de France
  • Alpe d'Huez

En dat is, kin ik jo fertelle, in hiele prestaasje. Twa nachten, heechút trije oerkes sliep, gjin dûs, twa wc's op 500 man en de hiele dei en jûn lawaai oan dyn harsens. Mar moai wie it wol. "Hoe dogge jim dat mei dûsen en sa", frege kollega Feike fan 'e moarn. No, net dus. Yn it doarpke Huez wiene in oantal fonteintsjes mei in bak wetter der foar en der wosken we ús. Washhantsje derby, toskepoetse en wer gean.

Sliepe is in krym. Troch twa dingen. It earste 'probleem' is dat de berch fol stiet mei lallende Hollanners. By ús stean der ek in pear. Geweldich hear, we ha ús dea lake. In groep út Alkmaar, fiif man út de Achterhoek, twa broers fan 60 yn in camper út it Brabânske Schoonhoven en wat Tukkers. Mei syn allen ha we der in grut feest fan makke. Je binne yn prinsipe de hiele dei oant it wurk. Radio-bydragen, tv-opmamen en in hiel soad belje. Mar tuskentroch genietsje fan it feest en al dy amateur-hurdfytsers dy't de berch opklimme. En dan oanmoedigje. Mei it nivo fan: "Lekker gozer, misschien kom je eind deze maand wel boven" oant "zo joh, je valt bijna om". En by elke Japanner dy't foarby waard standaard "Sjini Ono" song. Ono is âld-fuotballer fan Feyenoord. Fan dat nivo dus. Mar fierder is it foaral oanmoedigje. It is it alvestêdetocht-gefoel.

Jûns foar de etappe is it feest grut yn in lyts kroechje. Feest en sjonge mei benammen Noaren en Ieren. Dy meie der ek wol ien kin ik jo fertelle. Of twa.
As de hurdfytsers foarbykomme, is in gekkehûs. Mollema hat it kopke nei de grûn as hy foarby komt. Westra sjocht by de twadde trochkomst rjocht yn myn eagen en laket. Hy sjocht ôf, mar genietet ek. Dat sjoch je. As de etappe dien is, is in bytsje in antyklimaks. De berch rint fuort leech en bliuwt leech achter. No ja, net echt leech, want der bliuwt in lading oan rotsoai efter.

Nei fjouwer nachten min sliepe, binne je wol ta oan in goeie nacht. Dus we beslute om fuort nei de etappe nei ûnderen te riden. Twa en in heal oere stean we op de berch yn de file. Sa dogge we oer 10 kilometer 2,5 oere. As we rjochting Grenoble ride, stiet ek dêr noch file. Sa dogge we oer 80 kilometer sa'n fjouwer oeren. Mar as we by it hotel komme, binne we bliid. Sterker noch, ik ha noch noait sa bliid west mei in útwenne, depressyf, twa-stjerre hotel. We ha in bêd! En in dûs! De dei kin net mear kapot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)