Gjin kitesurfwedstriden Warkum

19 jul 2013 - 11:50

Alle kitesurfwedstriden dy't dit wykein hâlden wurde soene by Warkum gean net troch. Der stiet net genôch wyn. De wedstriden soene hâlden wurde by it grutte Free Event dat dit jier foar de tredde kear hâlden wurdt. By dit Free Event kinne minsken yn de kunde komme mei de kitesurfsport. By de earste twa edysjes luts dat hûnderten minsken nei it strân fan Warkum. It is de bedoeling dat it evenemint alle jieren wat grutter wurdt en derom soene der dit jier foar it earst ek wedstriden hâlden wurde.

De organisaasje is teloarsteld. De lessen en demonstraasjes geane wol gewoan troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)