Alde spuitwein weromkeapje

20 jan 2012 - 16:37

De brânwacht fan It Hearrenfean wol de âlde brânwachtauto werom hawwe. De wein die yn de jierren tritich tsjinst by it korps. Brânspuiters fan Tsjalbert hawwe ek noch mei de âld Ford op 'n paad west. Yn de jierren sechtich is de auto ferkocht oan it korps fan Nunspeet. Dy hat him de ôfrûne jierren brûkt foar foarljochting. No hawwe se him te keap set.

De brânwacht fan It Hearrenfean wol de auto brûke foar wervingskampanjes en foarljochting. Se hawwe de gemeenteried frege 7500 euro beskikber te stellen foar de oankeap fan de antike auto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)