Friezen yn finale Bocuse d'Or

Sjef Jan Smink fan restaurant Kwartier Noord yn Ketlik sil meidwaan oan de Nederlânske foarrondes fan de Bocuse d'Or. By winst makket hy kâns om takom jier maaie mei te dwaan oan de prestisjeuze Europeeske finale yn Stockholm. Mei syn 25-jier is Smink de jongste dielnimmer oan de wedstryd. Hy is útkeazen troch de Nederlânske seleksjekommissje. Op 1 oktober moat er it opnimme tsjin sân oaren.
Ek soussjef Wesley Tolman fan Lauswolt docht oan de Nederlânske finale mei.