Mollema oan de start yn Tour

Bauke Mollema yn aksje © EPA
Bauke Mollema giet freed gewoan fan start yn de 19e etappe fan de Tour de France. Dat hat ploechlieder Merijn Zeeman freedtemoarn bekend makke. Neffens Zeeman is der nea sprake fan west dat Mollema net starte soe. De hurdfytser út Ljouwert hat de gryp.
Dat wie tongersdei by de beklimming fan de Alpe d'Huez goed te fernimmen. De berchetappe is foar Mollema net goed ôfrûn. Hy sakke fan it 4e nei it 6e plak yn it algemien klassemint.