Proses oer alkoholferkeap pomp

18 jul 2013 - 17:30

Tankstasjons meie yn de takomst ek gjin alkohol ferkeapje. Dat hat de rjochtbank fan Assen bepaald yn in proefproses tsjin in pomphâlder yn Hoogeveen. Dy sette twa jier ferlyn wol alkohol op syn toanbank, omdat er it frjemd fynt dat hy dat net mei en weirestaurants en supermerken wol. De belangeferiening fan tankstasjonhâlders stie dêrby achter de Hoogevener.

Frits Bakker fan it OK-tankstasjon by Surch is bestjoerslid fan de belangeferiening. Hy is teloarsteld oer de útspraak, omdat alkoholferkeap in pomphâlder rûchwei 10 prosint oan ynkomsten skele soe. De belangeferiening oerwaget in juridysk ferfolch op de útspraak fan de rjochter. Mooglik stappe se nei it Europeesk Hôf fan Justysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)