55 km te hurd op Wâldwei
De plysje hat woansdeitejûn op de Wâldwei by Nijegea it rydbewiis fan in 31-jierrige man út Delfsyl ynnaam. De man hie by in kontrôle 155 kilometer op de teller te stean, wylst er dêr mar 100 mocht. De plysje konstatearre dat by benzinestasjon Stienkamp. Neist dat er syn rydbewiis ynleverje moast, hat de man ek in proses-ferbaal krige.