Militêre oefening yn Fryslân

18 jul 2013 - 15:15

Soldaten fan de Delta Compagnie út Ermelo binne fan 'e wike op oefening yn Fryslân. Gewoanwei dogge se dat altyd yn in oar part fan Nederlân, mar hjir kinne se oare oefenings dwaan. Sa moasten de militêren ûnder oare mei folle bepakking de Ofslútdyk oerrinne en hawwe se oan it fierljeppen west.

It doel fan de training is teambuilding en leare om gear te wurkjen. Fierders is mentale en fysike foarming ek wichtich. Kaptein Berendsen is tige te sprekken oer de oefening. Hy wol graach ris yn Fryslân weromkomme.

De tachtich soldaten binne tongersdeitemiddei yn Drachten. Se binne dêr ûnder oare oan it abseilen by in grut appartemintekompleks del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)