In tredde mear WW'ers

18 jul 2013 - 11:38

Hast 17.000 Friezen hiene ein juny in WW-útkearing. Dat docht bliken út sifers fan útkearingsynstânsje UWV. It tal WW'ers is it lêste jier mei hast in tredde omheechgien. Yn Fryslân stean no hast 28.500 minsken offisjeel ynskreaun as wurkleas.

De lêste moanne is it tal WW-útkearings wol krekt wer in bytsje tebekrûn mei 0,8 prosint. Mar dat hat benammen te krijen mei seizoenswurk, bygelyks yn de hoareka.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)