'Harmonieorkest moat bliuwe'

It Fries Jeugd Harmonieorkest mei absolút net ferdwine. Dat seit dirigent Thijs Oud fan dat orkest. In moanne lyn die bliken dat kultuerynstelling Keunstwurk yn it nije seizoen gjin subsydzje mear jaan wol. Keunstwurk tinkt dat jongeren har net mear foar langere tiid bine wolle oan in orkest. De kultuerynstelling wol dêrom ynsette op projektorkesten.
Dirigent Thijs Oud seit dat de measte orkestleden krekt ferskate jierren lang lid binne. Boppedat krije jongeren by in orkest folle mear kânsen.