Mollema sakket nei 4e plak

17 jul 2013 - 17:37
  • Bauke Mollema yn aksje

Bauke Mollema is syn twadde plak yn it klassemint yn de Tour de France woansdei kwytrekke. De hurdfytser út Ljouwert is alfde wurden op de klimtiidrit. De rit fan 32 kilometer tusken Embrun en Chorges waard wûn troch giele truidrager Chris Froome. Twadde waard Alberto Contador. Dy giet dêrmei Mollema yn it klassemint foarby. Ek de Tsjech Roman Kreuziger die it better as Mollema en stiet no op plak trije. Lieuwe Westra fan De Tynje ried in prima race en finishte as 16de. Tongersdei stiet de etappe nei de Alpe de Huez op it program.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)