WOB-fersyk tenei mei brief

Wa't fia de Wet Openbaarheid Bestuur ynformaasje opfreegje wol by de gemeente Tytsjerksteradiel, sil tenei in brief stjoere moatte. Emails mei in saneamd WOB-fersyk wurde net langer beäntwurde. De gemeente nimt dizze maatregel om misbrûk foar te kommen. Guon buro's stjoere ûnsinnige WOB-fersiken yn de hoop dat de gemeenten te let mei in antwurd komme. Se kinne dan om skeafergoeding freegje. Dizze boetes foar de gemeenten kinne oprinne oant 1300 euro. Dit jier krige de gemeente 11 fersiken, ien dêrfan wie serieus.