Toeristen spekke kas eilannen

Toeristen hâlde de Waadeilannen finansjeel oerein. Dat docht bliken út ûndersyk fan it CBS, it Sintraal Buro foar de Statistyk. De toeristebelesting is de lêste jierren hieltyd omheech gien. Fan 25 prosint op It Amelân oant 42 prosint op Flylân. Ek yn oare Fryske gemeenten wurdt de toeristebelesting in hieltyd belangrikere boarne fan ynkomsten. Yn wat minder as de helte fan de Fryske gemeenten, lykas Ljouwert, Snits en Boalsert, wurdt gjin toeristebelesting heft.