Van Basten net mei rfk dwaande

17 jul 2013 - 11:13

Marco van Basten seit dat er him net dwaande hâldt mei it nijs dat de ried fan kommissarissen opstapt is by SC Hearrenfean. De trainer jout oan dat er dêr gjin kontrôle oer hat en dat er him leaver rjochtet op saken dêr't er wol kontrôle oer hat. Neffens him libbet it nijs net by de spilersgroep. Tiisdeitejûn waard bekend dat de folsleine ried fan kommissarissen, besteande út Wino de Jong, Gerard Brinkman, Chris Mulder en Sybren van der Goot, opstapte. Se woenen de útslach fan it rinnende ûndersyk net ôfwachtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)