Izerdieven trappearre

17 jul 2013 - 10:19

Twa izerdieven binne tiisdei yn Eastermar op 'e die betrape. Wurknimmers fan in bedriuw oan de Industriewei seagen dat twa manlju izer út in bak hellen en yn de oanhinger achter har auto dienen. Doe't de dieven yn de gaten krigen dat se sjoen wienen, rieden se fuort. It kenteken is oan de plysje trochjûn en dy seach de auto yn Jistrum riden. In man fan 25 fan De Harkema en in man fan 21 sûnder fêst wenplak binne oanhâlden. Se hienen it stellen izer al ferkocht. De mannen sitte fêst.

Trefwurden: 
stellerij Eastermar izer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)