A32 by Wurdum ticht om ûngelok

17 jul 2013 - 09:11

De A32 fan Ljouwert nei It Hearrenfean wie tusken Wurdum en Reduzum ticht fanwegen in ûngelok dat woansdeitemoarn barde. Der wie krekt nei acht oere in ravaazje ûntstien. Twa auto's botsten op elkoar, nei't in bestjoerder (26) fan De Wylp troch read ried. Troch de klap lei it krúspunt fol mei rommel fan de auto's. In bestjoerster (74) út Wytgaard moast nei it sikehûs. Rykswettersteat en de brânwacht makken de dyk skjin. Ferkear waard omlaat. De ferkearsljochten wienen stikken, in ferkearsregeler naam dat oer.

Trefwurden: 
ûngelok A32 Wurdum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)