Toeristebelesting belangryk

17 jul 2013 - 07:37

Toeristebelesting is foar de Waadeilannen in belangryke manier om oan ynkomsten te kommen. Sa is de belesting foar de gemeente Flylân goed foar 42 prosint fan alle ynkomsten fia heffingen. It lanlike gemiddelde leit op 2 prosint.

Gemeenten ferwachtsje neffens it Centraal Bureau voor de Statistiek dat se yn 2013 foar 162 miljoen euro oan toeristebelesting binnen helje. Dat is 36 prosint mear as yn 2008, de grutste stiging fan alle gemeentlike heffingen. De stiging komt foaral troch it ferheegjen fan de tariven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)