Soad besikers swimbaden

De iepenloftswimbaden yn Fryslân belibje dizze dagen drokke tiden. Dat moat ek wol, want fanwege it strieminne foarseizoen hawwe se oant no ta wol in tredde minder besikers as oare jierren. No meitsje se in ynhelslach, mar dochs moatte der noch wol in pear wiken moai waar folgje om de besikersoantallen op itselde peil as oare jierren te krijen. Oft se dat noch helje, hinget net allinne fan it waar ôf. Swimbaden yn in fakânsjebestimming lûke no mear toeristen as oare baden, dy't it mear fan lokale gasten hawwe moatte yn foar- en neiseizoen.