Skylger paad ticht om asbest

16 jul 2013 - 17:19

In paad op Skylge is op twa plakken ôfset fanwege asbest. It giet om it paad tusken de Folkshegeskoalle en de Dúnwei by Hoarne. Steatsboskbehear is de eigener fan it paad en hat de grûn ûndersykje litten. It paad is op twa plakken ôfset. De grûn sil sa gau mooglik saneard wurde. It asbest komt nei alle gedachte fan âlde dakplaten. Salang't minsken net op it paad komme, is der gjin gefaar foar de folkssûnens.

Foar buertbewenners wurdt yn Hoarne in ynformaasjejûn organisearre dêr't se fragen stelle kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)