Fryske reaksjes soarchakkoart

Soarchbelang Fryslân is tige te sprekken oer it akkoart dat minister Schippers en de partijen yn de soarch berikt hawwe. Doel is om alle jierren in miljard euro te besparjen op de soarch. Dat is Schippers oerienkaam mei dokters, sikehuzen, soarchfersekerders en alle oare partijen dy't yn de soarchsektor wurkje.
Sikehuzen moatte harren mear spesjalisearje en hûsdokters moatte mear wurk fan spesjalisten oernimme. Sa kin in soad besparre wurde sûnder dat de pasjint de dupe wurdt, seit direkteur Margreet de Graaf fan Soarchbelang Fryslân.
It akkoart dat minister Schippers mei de soarchpartners ôfsprutsen hat, sil goed útpakke foar de pasjinten. Dat seit Diana Monissen fan soarchfersekerer De Friesland. De soarchpakketten bliuwe sa as se binne en de kwaliteit fan de soarch giet omheech, neffens de direkteur fan De Friesland.
Kees Donkervoort fan MCL Ljouwert wit noch net hoe't it akkoart útpakke sil yn de praktyk. Neffens him rint it oantal pasjinten dat it sikehûs jierliks besiket, no al werom. Fierder wurde in soad saken yn it akkoart al útfierd yn Fryslân, lykas it oernimmen fan taken fan spesjalisten troch húsdokters. Hy moat noch sjen oft hjirmei it miljard oan besunigings helle wurde sil. In ferheging fan de eigen bydrage docht neffens him mear fertuten.