Fergees trouwen fersobere

De gemeente Opsterlân leit it fergees trouwen oan bannen. Neffens boargemaster en wethâlders wurdt der hieltyd faker gebrûk fan makke, foaral troch minsken foar wa't de regeling net bedoeld is. It fergees trouwen is tenei inkeld foar ynwenners fan de gemeente. En as se dêfoar kieze, is der fierder gjin sermoanje of praatsje by.
Foar ynwenners mei in leech ynkommen wurdt in útsûndering makke. Foar harren wurdt it sluten fan it houlik net fersobere.