Blog: Roelof yn de Tour

16 jul 2013 - 16:09
  • Lieuwe Westra yn petear mei Roelof de Vries

Man, man, man. Sa sitte je lekker op de bank, sa sitte je folop yn de gekte fan de Tour de France. Sneontejûn de knoop trochhakt, sneintemiddei de etappe noch efkes ôfwachte, mar dêrnei de auto pakt en gas derop. Sneintejûn de Lúksemboarchske grins helle en dêr foar in pear oerkes in hotel pakt. No ja, hotel. It like mear op in ôfwurkplak, mar der stie in bêd. Boppedat ha we mar sa'n 3/4 oerkes sliept, want om fiif oere gong de wekker wer. We wolle nammentlik graach op tiid by de parsekonferinsje oankomme. It is moandei in rêstdei en dus hoopje we de nûmer twa út it klassemint te sprekken te krijen: Bauke Mollema út Ljouwert.

In pear oerkes foar Grignan en it hotel dêr't Mollema sliept, komme we yn de file. We helje it lykwols en in oerke foar de parsekonferinsje steane we yn in moaie tún fan in noch moaier hotel. De belangstelling is grut. De media komt út alle lannen oerwaaien. De parseman fan de Belkin-ploech leit út: "Vier vragen per persoon en ik geef aan wie er vragen mag stellen." Mollema nimt hiel relaxed plak op in houten bankje. Foar him oer sa'n 8 kamera's en 35 sjoernalisten. Nei kollega Han Kock fan de NOS meie wy al. Yn it Frysk, freegje we oan Bauke. "Ik niet hoor," reagearret er laitsjend. Mar we meie de fragen wol yn it Frysk stelle. En fjouwer stiks. By de sechsde fraach fiel ik in setsje yn myn rêch. De parseman is in bytsje yrritearre. Ik stel noch twa rappe fragen en hâld op. De oare sjoernalisten falle oer ús hinne om by Bauke yn de buert te kommen. Wy dogge noch ynterviews mei NOS-kommintator Maarten Ducrot en Volkskrant-sjoernalist Bert Wagendorp en geane nei ús satellytwein.

It is ferskriklik waarm. We besykje in ferbining te krijen mei de studio fia ús nije satellytwein. As it wurket, is it in geweldich maklik systeem. Je kinne hiel rap bylden ferstjoere nei de studio yn Ljouwert en je kinne live wat dwaan. Lang liket it lykwols net te slagjen. It is wat útsykjen en oanpielen, mar mei help fan ús technyske fakmannen op de studio slagget. Kicke! It is slagge. As we hast klear binne, sjogge we nei de termometer yn de auto: 44 graden! Ah, we tochten al, wat is it waarm.

Dêrnei moatte we noch in hotel sykje. En dat is in probleem. Want alles yn de omjouwing sit fol. Nei seis hotels en in pensjon, komme we by noch in pensjon. Yn it Frânsk in 'chambre-dote'. En dêr ha se in keamer frij. Woehoe! It is in Ingelske man, dy't mei syn Frânske frou in pensjontsje hat. Ferskriklik gastfrije minsken. En airco op 'e keamer. We ite noch wat, litte de adrenaline wat sakje en geane om in oere as alve op bêd. We binne samar fuort.

De folgjende dei wer in kompleet oare dei. Plan-de-campagne is rjochte op Lieuwe Westra. De iennige Fries yn de Tour dêr't absolút gjin diskusje oer is oft hy in Fries is of net. We ha gjin parse-akkreditaasje. Tichteby mei de bus as seis kilometer fan de start en Lieuwe Westra komme we net. Dêrom stappe we yn de auto by Andries Hoekstra. Hy wurket foar de Ljouwerter Krante en hat yn alle gefallen in oranje sticker op de auto. Dêrtroch komme we in stik tichteby. We dogge ynterviews mei Westra, mar ek mei de aimabele Belch Hilaire Van der Schueren. Hy is ploechlieder fan de ploech fan Westra. Fierder prate we ek mei Feico Douma. Fansels is it allegear te sjen op ús webside, yn Hjoed en op de radio.

No ûnderweis nei Gap. Krekt te hearren krigen dat we de Alpe d'Huez net mear op komme. Wat dogge mei de tiidrit fan moarn? Hoefolle Friezen treffe we op de Alpe d'Huez? En wêr sliepe we jûn en moarn? Ach, we sjogge it wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)