Máxima sil museum iepenje

Keninginne Máxima © ANP
Keninginne Máxima iepenet op 13 septimber it nije Fries Museum. Dat hat de Ryksfoarljochtingstsjinst tiisdei bekend makke. Nei jierren fan tarieding en bouwerij is it museum no klear om iepen te gean foar it publyk. Yn it museum binne wikseljende eksposysjes te sjen oer de ûntwikkeling fan Fryslân, de Fryske kultuer en de ynwenners.
It nije museum is der kommen mei in bydrage út de erfenis fan de Fryske arsjitekt Abe Bonnema en is neffens syn winsk in ûntwerp fan de Hubert-Jan Henket.