SC Cambuur leit Feldballe fêst

© Omrop Fryslân
Sportklup Cambuur hat Oliver Feldballe foar twa seizoenen fêstlein. De Deenske jeugdynternasjonal hat in goede yndruk makke as testspiler by de Ljouwerters. Feldballe is in fleugeloanfaller, dy't likegoed links as rjochts spylje kin. Hy komt transferfrij oer fan de Deenske klup Randers FC, dy't ferline jier as tredde einige yn de Deenske earedivyzje.
Cambuur hopet ek ta oerienstimming te kommen mei Marlon Pereira. De ferdediger, dy't yn it ferline ûnder oaren foar Willem II spile, hat de technyske stêf oertsjûge fan syn kwaliteiten.