Donateursaksje 'Biebstipers'

16 jul 2013 - 14:43
  • Boeken biblioteek

De biblioteken yn Midden-Fryslân hawwe driuwend ferlet fan ekstra jild. Der wurdt hieltyd mear besunige op biblioteken en dêrtroch driigje bepaalde projekten en tsjinsten te ferdwinen. Sa stiet it útlienen fan boeken by soarchynstellings ûnder druk. De biblioteken yn Midden-Fryslân begjinne sadwaande mei de aksje 'Biebstipers'. In grut tal leden krijt it fersyk om donateur te wurden foar 60 euro yn it jier. De biblioteken hoopje mei de aksje de tsjinsten safolle mooglik yn stân hâlde te kinnen.

As tsjinprestaasje kinne donateurs ûnder oare koarting krije op lêzings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)