Rûtenetwurk tsjin kuierdrokte

16 jul 2013 - 14:21
  • Kuierpaden yn bosk by Oranjewâld

De bosk fan Oranjewâld krijt in kuierrûtenetwurk. It is dêr no bytiden sa drok dat minsken argewaasje faninoar hawwe. Der wurdt ôffal dumpt, de hûnen rinne los en mountainbikers gean bûten de paden.

De boskwachters en de plysje sille ekstra kontrolearje. It nije rûtenetwurk moat ek soargje foar minder argewaasje omdat der dan in gruttere sprieding fan besikers is. Steatsboskbehear hat der mei seis doarpsbelangen oan wurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)