Oanhâlding yn betaastingssaak

De plysje fertinkt in 49-jierrige ynwenner fan Drachten fan it lestich fallen fan twa jonge famkes yn syn wenplak. De famkes fan 6 en 7 waarden sneontemiddei lestich fallen yn in boarterstún en op in skoalplein yn de wyk De Drait.
Troch ferklearrings fan de famkes en tips nei in getuge-oprop koe de man moandeitejûn oanhâlden wurde. Hy is fêstset op it plysjeburo.