Alkoholpas Hearrenfean útsteld

16 jul 2013 - 12:28

Jongeren dy't yn de gemeente Hearrenfean alkohol keapje wolle, kinne dat de hiele simmer noch dwaan sûnder alkoholpas. De pas soe ein juny ferplichte wurde foar jongeren oant 25 jier. De saak is útsteld nei ein septimber. Neffens inisjatyfnimmer, bedriuw Sesam op It Hearrenfean, komt de fertraging trochdat de provinsje let tastimming jûn hat foar de pas.

Sûnder de alkoholpas mei fingerôfdruk kinne jongeren gjin drank mear keapje yn alle supermerken, hoarekagelegenheden en sportklups yn de gemeente.

Trefwurden: 
jongerein alkoholpas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)