Trettjin badgasten rêden

16 jul 2013 - 11:18

Strânwachten fan Skylge hawwe moandei trettjin minsken út see rêden. Benammen middeis rekken swimmers yn de problemen. In 16-jierrige jonge út Vianen waard by Formearum troch de sterke streaming meilutsen. Syn freonen swommen achter him oan, mar kamen doe sels yn de streaming telâne. De jonge waard rêden. Syn freonen koene sels it strân berikke. Ambulânsepersoniel hat de jonge ûndersocht.

Letter op 'e middei rekken noch mear minsken yn de problemen by Formearum. Sy waarde troch in lifeguard op in wetterscooter út see rêden. By Midslân oan See waarden by ferskate aksjes sân minsken út see helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)