Ferwûne by botsing mei trekker

16 jul 2013 - 10:54

By in oanriding yn Jobbegea binne moandeitemiddei twa minsken ferwûne rekke. It giet om in 35-jierrige automobiliste út Aldeberkeap en har soantsje fan acht. De frou ried oer de Nijeberkeaperwei doe't in 27-jierrige trekkerbestjoerder út Appelskea ynienen de dyk opkaam. De autobestjoerster koe de trekker net mear ûntwike en klapte derop. De frou en har soantsje binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)