Minder poppen troch krisis

Fanwege de krisis binne it ôfrûne jier minder Fryske lytse poppen berne. Ut sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS) docht bliken dat yn Fryslân yn 2012 hast 6500 poppen berne waarden. It jier derfoar wiene dat noch goed sântûzen. Yn de earste moannen fan dit jier set de tebekgong noch sterker troch.
Troch de krisis wachtsje minsken mei it krijen fan bern, seit in wurdfierder fan it CBS. It tal bertes fan no is te ferlykjen mei it lege nivo fan begjin jierren tachtich. Doe wie der ek in ekonomyske krisis.