Friezen kuierje foar ûndersyk

16 jul 2013 - 07:47

In oantal Fryske kuierders dy't tiisdei begjinne oan de fjouwerdaagse fan Nijmegen, docht mei oan in ûndersyk fan it Radboud Sikehûs yn de stêd. Dat wol witte hoe't it mei de fitaliteit fan 60- en 80-plussers giet. De kuierders moatte de kommende dagen ferskate kearen nei it sikehûs, ûnder oare foar bloedûndersyk. Fierder wurdt harren temperatuer yn de gaten holden en moatte se urine ynleverje. Se moatte ek byhâlde wat en hoefolle oft se ite en drinke en hoe faak oft se pisje moatte.

Trefwurden: 
Nijmegen Fjouwerdaachse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)