Wer stakings by Van Wijnen

16 jul 2013 - 07:28

Meiwurkers fan boubedriuw Van Wijnen lizze tiisdei op fjouwer boulokaasjes yn Fryslân it wurk del. Fan dêrút gean se nei it haadkantoar yn Baarn om te demonstrearjen. De boufakkers en de fakbûnen easkje in better sosjaal plan. Omdat der hieltyd minder oarders binne, moatte der lanlik goed santich minsken út by Van Wijnen. In oantal fan harren is al fuort.

By de festiging op 'e Gordyk is ek in ûntslachrûnte yn gong set. Begjin dizze moanne waard dêr ek al staakt. Dat smiet neffens de fakbûnen net genôch op.

Trefwurden: 
Van Wijnen stakings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)