Oerlis oer problemen Wrongel

15 jul 2013 - 17:01

Wenningboukorporaasje Actium sil tiisdei mei de gemeente de swierrichheden yn de wenwyk De Wrongel yn Easterwâlde beprate. Der sitte noch fûneminten of pún fan it âld suvelfabryk yn de grûn en no slagget it net om drainaazjebuizen te lizzen. Dy binne noadich om in ein oan de wetteroerlêst te meitsjen. Dêr kleie de 22 hierders al moannen oer by de korporaasje. Der wurdt nei in oplossing socht, mar de bewenners binne benaud dat se no opnij de dupe wurde.

De grutte fraach is nammentlik wa't ferantwurdlik is en wa't foar de kosten opdraaie moat. Wat dit oanbelanget wize de ferskillende partijen no al wat nei elkoar.

Trefwurden: 
Easterwâlde Wrongel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)