Hûn út gleonhite auto rêden

Plysje-embleem © ANP
De plysje op De Lemmer hat sneintemiddei op de Stasjonswei in hûn út in waarme auto rêden. De hûn siet al oardel oere yn de auto, doe't omstanners de plysje bellen. Dy hat de auto iepenmakke. Helpferlieners hawwe de hûn kuolle en wetter jûn.
De eigener fan de hûn ferklearre dat de hûn ferjitten wie. Se hie in soad spyt fan de aksje. Se krige in proses-ferbaal en moat letter foar de rjochtbank ferskine. Mei de hûn giet it yntusken wer better.