Moardfertochten langer fêst

15 jul 2013 - 15:56

De twa fertochten dy't freed oppakt binne foar de moard op de 35-jierrige Omar Kourrich út Amsterdam bliuwe noch twa wike langer fêstsitten. Dat hat de riedskeamer moandei besletten.

De mannen fan 41 en 17 jier komme út Amsterdam. Se soene grutte skulden ha by it slachtoffer. It lichem fan Kourrich waard op 20 juny fûn by de Tsjûkemar. Hy wie fêstbûn en ferbaarnd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)