Bou spoedplein It Fean begûn

15 jul 2013 - 15:45

Dokterswacht Friesland en sikehûs Tjongerschans hawwe moandei in begjin makke mei de realisaasje fan it nije Spoedplein op It Hearrenfean. It Spoedplein moat yn de hjerst fan 2014 klear wêze en foarmet dan de sintrale entree foar alle pasjinten dy't earste help nedich hawwe. Dêr wurdt besjoen oft de pasjint nei de dokterswacht moat of trochferwiisd wurdt nei it sikehûs.

Moandeitemoarn joegen in húsdokter en in sjirurch tegearre it startsein troch mei in boukraan de earste grûn út te graven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)