Friezen op Olympysk Festival

15 jul 2013 - 14:20

Acht Fryske jongeren dogge dizze wike mei oan it Europeesk Jeugd Olympysk Festival yn Utert. Dat binne de Olympyske Spelen foar jongerein. Der dogge goed 2000 dielnimmers mei oan dit festival en dy komme út sa'n 50 lannen. Alle sporters binne jonger as 18 jier. Ien fan de Friezen dy't meidocht oan dizze Olympyske Spelen is de 15-jierrige hurdfytster Aafke Soet fan It Hearrenfean.

By de iepeningsseremoanje fan it sportevenemint mocht sy de olympyske eed ôflizze. It Europeesk Jeugd Olympysk Festival rint fan 14 oant 19 augustus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)