Fertochten hiene skuld by Omar

15 jul 2013 - 13:03

De beide fertochten dy't freed oppakt binne yn it ûndersyk nei de moard op de 35-jierrige Omar Kourrich út Amsterdam, soene grutte skulden by him ha. Dat meldt de Amsterdamse tillevyzjestjoerder AT5 op syn webside. De fertochten binne in man fan 41 jier en in jonge fan 17. Se binne yn harren wenplak Amsterdam oanholden en dêrnei oerdroegen oan de Fryske plysje.

Moandei wurde se foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy bepaalt oft se langer fêst sitten bliuwe moatte. It lichem fan Kourrich waard op 20 juny swier ferminkt fûn.

Dat wie by swimplak Ulesprong yn Sint Nyk. Hy wie fêstbûn en ferbaarnd. Sûnt de fynst fan de man wurket in team fan 25 resjersjeurs oan de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)