Tet Rozendal gesicht 'Wâldpyk'

© Omrop Fryslân
Aktrise, sjongeres en teatermakster Tet Rozendal fan Feanwâlden is it nije gesicht fan streekmerk Wâldpyk. Se folget hurdfytser Pieter Weening op, dy't ferline jier beneamd waard ta ambassadeur.
Stichting Wrâldfrucht, de oprjochter fan it streekmerk, is bliid mei Rozendal. Neffens de stichting is sy poer geskikt foar har nije funksje. Sneon organisearre Wâldpyk noch in toarnbei-ekskurzje by Eastermar. Dêrby waarden njoggen ferskate toarnbeiesoarten ûntdutsen.