Oandielen foar fleispakketten

15 jul 2013 - 12:23

Biologysk boer Hotze Heeres fan 'Arcadia' by Frjentsjer ferkeapet foar 100 euro oandielen fan syn bedriuw. It rendemint betellet Heeres yn fjouwer fleispakketten fan mei-inoar 130 euro út. It fleis komt fan de bisten fan it bedriuw, sawol kij as bargen.

Heeres besiket sa in feestapel byelkoar te krijen fan âlde rassen dy't tradisjonele boeren minder geskikt fine. Boppedat wol Heeres de oandielhâlders fia nijsbrieven en iepen dagen yntinsyf by syn bedriuw belûke.

Heeres hat ek in hynstepensjon dêr't hynders biologysk foer krije. Alle bisten krije safolle mooglik frijheid en bewegingsromte en gjin antibioatika. Mei sa'n 100 oandielhâlders hat Heeres syn bedriuw takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)