Aldehou alle dagen iepen

De Aldehou yn Ljouwert is foar it earst yn de skiednis sân dagen yn de wike iepen. Toeristen kinne yn augustus ek op de moandeitemiddeis terjochte yn de toer.
It Historisch Centrum Leeuwarden, de behearder fan de toer, seit dat der foar toeristen op de moandeis net in soad te dwaan is yn de Fryske haadstêd. Dêrom is besletten de Aldehou krekt dan iepen te stellen.