Hurdrider by De Haule pakt
De plysje hat sneintejûn oan de Tonckenswei yn De Haule it rydbewiis ynfoardere fan in 28-jierrige man út Grins. De man ried 176 kilometer yn de oere, wylst 80 it maksimum wie. Tsjin de bestjoerder is proses-ferbaal opmakke.