Man beknypt nei ûngelok

15 jul 2013 - 10:07

In 33-jierrige man út Ferwert is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Ljouwerterdyk yn Marrum. De man woe syn autorút omheech dwaan, mar dat slagge net. Hy kaam dêrtroch yn de berm telâne en kaam tsjin in peal ta stilstân.

De bestjoerder rekke beknypt yn syn auto. Hy is troch de helptsjinsten út syn auto helle en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)