Steenstra de bêste yn Boalsert

14 jul 2013 - 17:35
  • Kening Cornelis Terpstra
  • De winners

De frije formaasjewedstriid yn Boalsert is snein wûn troch Tjisse Steenstra, Cornelis Terpstra en Jacob Wassenaar. It trijetal wie Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra yn de finale mei 5-3 en 6-4 de baas. De lytse preemje gie nei Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger, dy't yn de heale finale mei 5-3 en 6-2 ferlearen fan Steenstra c.s.

It wie de earste winst foar Terpstra sûnt 7 augustus 2006, doe't er wûn yn Menaam. De keatser út Bitgummole rûn dat jier in swiere blessuere op by in kitesurf ûngelok.

Cornelis Terpstra waard yn Boalsert útroppen ta kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)