De Vries wint yn Staphorst

14 jul 2013 - 14:32

Elma de Vries hat sneon yn Staphorst de achtste wedstriid om de KPN Inline Cup wûn. Yn de finale kaam de âld-Haulster solo oer de streek. De Nederlânsk en Europeesk kampioene op de maraton hat in riante foarsprong yn it klassemint op de nûmer twa Sharon Hendriks. Yn Staphorst kaam Lisanne Buurman, wenjend op It Hearrenfean, as tredde oer de streek efter Janita Crediet dy't it sulver pakte.

By de manlju wie de winst foar de Belch Wannes van Praet. Yn 'e einsprint ferraste er Mark Horsten, fan It Hearrenfean, en Geert Plender út Kampen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)