Problemen brêge Spannenburch

14 jul 2013 - 12:52

De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Spannenburch hat snein in pear oeren bûten gebrûk west foar ferkear. Om healve tolven hinne ûntstie in steuring oan de brêge neidat in boatsje troch it reade ljocht fear. Dêrtroch moast de brêgewachter op de needstop drukke. Dêrnei woe de brêge net mear nei ûnderen. Monteurs moasten der oan te pas komme om it probleem te ferhelpen.

Om goed heale trijen hinne wie it probleem oplost en koe it ferkear wer oer de brêge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)